Fernielings yn Burgum

30 apr 2007 - 12:01
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneintenacht trije manlju, twa út Hurdegaryp en ien út Tytsjerk, oanhâlden foar fernielings yn Burgum.

De mannen hiene oan de Skoalstrjitte in winkelrút fernield, mar koene tanksij in tip fan tsjûgen al gau oanhâlden wurde. Se hawwe prosesferbaal krigen. Ien fan harren hie ek te folle dronken en krige dêrfoar noch in proses-ferbaal en in rydferbod fan 9 oeren.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)