Gjin keninginnefjoer Blije

30 apr 2007 - 10:25
Foto: Omrop Fryslân

Yn Blije is moandeitejûn gjin keninginnefjoer. De gemeente Ferwerderadiel hie in fergunning ôfjûn, mar wol ûnder bepaalde betingsten. Ien dêrfan wie dat der gjin hurde eastewyn stean mei. En dat is moandei krekt wol it gefal.

De gemeente hat no besletten dat it fjoer net trochgean kin. Minsken hoege dus ek gjin materiaal oan te leverjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)