Lieuwe Westra krekt net earste

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is snein twadde wurden yn de tiidrit fan Bleiswijk. Nei 29 kilometer tsjin de klok moast Westra in pear tellen tajaan op winner Sander Oostlander. Paul van Schalen waard tredde. Jenning Huizenga fan Frjentsjer waard achtste.
By de nijelingen gong de oerwinning nei Jurjen de Vries fan De Lemmer. Hy ried krapoan 45 kilometer yn it oere.