Wytmarsum wint keatsiepening

29 apr 2007 - 18:04

De earste ôfdielingspartij keatsen fan dit jier is wûn troch Wytmarsum. Yn Weidum wie it partoer fan Herman Sprik, Folkert van der Weij en Gert Jan Meekma mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Minnertsgea.

Dat partoer bestie út Klaas Anne Terpstra, Chris Wassenaar en Wouter Jan de Roos. Troch de twadde priis stiet Terpstra no op 401 punten yn it klassemint allertiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)