KNRM-boaten yn aksje

29 apr 2007 - 17:01

De KNRM-rêdingsboaten fan Harns, Lauwerseach en Skylge hawwe sneintemiddei yn aksje west op de Waadsee. Troch de hurde eastewyn kamen boatsjefarders fêst te sitten op it Waad.

Yn de nacht moasten de rêders fan Flylân de see op om't der in ôfsketten fjoerpylk sjoen wie. Der waarden gjin skippen yn need fûn of fermist. Wa't de pylk ôfsketten hat, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)