Feyenoord-supporters oppakt

29 apr 2007 - 16:00

De plysje hat krekt nei it begjin fan de fuotbalwedstriid SC Hearrenfean - Feyenoord 31 supporters fan de Rotterdamske klub oppakt. De fans wiene yn it sintrum fan It Hearrenfean en hiene gjin kaartsje.

Seis fan har sitte fêst omdat se gjin legitimaasje sjen litte koene. De oare 25 binne yn in bus set en bûten de provinsje útset. Earder op de middei waarden al fjouwer Feyenoord-fans oanholden fanwege wyldpisjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)