Wenningbrân yn Ljouwert
Oan de Sacramentsstrjitte yn Ljouwert hat sneontejûn in útslaande wenningbrân west. By de brân rekke net ien ferwûne. De brânwacht kaam mei in soad materieel by it hûs en hat it fjoer útmakke.
Der is gjin skea ûntstien oan njonkenlizzende huzen. De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik en wurdt troch de plysje ûndersocht.