Mishanneling yn disko Berltsum

29 apr 2007 - 15:14

De plysje hat sneintemoarn yn in disko yn Berltsum in ynwenner fan (22) Sint Anne oanholden foar mishanneling. De fertochte hie in 19-jierrige meardere kearen yn it gesicht slein nei in diskusje.

It slachtoffer rekke ferwûne oan it gesicht en is troch de plysje nei de spoedeaskjende help fan it MCL brocht. De fertochte is oanholden en foar ferhear nei it buro brocht. Hy is ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)