Mishanneling yn Wolvegea

29 apr 2007 - 15:10

In ynwenner fan Wolvegea (19) is sneintemoarn oanholden yn in hoarekagelegenheid yn syn wenplak foar mishanneling. De man hie rúzje krigen mei in plakgenoat (23).

De fertochte joech in kopstjit en rûn in brutsen noas op. It slachtoffer rekke ferwûne oan it gesicht. Beide partijen wiene ûnder ynfloed fan alkohol. De fertochte is foar ferhear nei it buro brocht en is dêrnei wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)