Snits wint fan De Jouwer

Snits tsjin De Jouwer (foto: Martin de Jong)
Sneinshaadklasser Snits hat sneontejûn wichtige punten pakt tsjin De Jouwer. Der waard thús mei 2-0 wûn troch goals fan de bruorren Inne en Klaas Schotanus. De Jouwer, dat ferline wike degradearre, besocht wol de sportive plicht te dwaan, mar koe it Snits net dreech meitsje.
Troch de oerwinning nimt Snits foarearst ôfstân fan it tsiende plak. De ploech dy't op dat plak einiget, spilet neikompetysje tsjin degradaasje.