Lieuwe Westra op it poadium

28 apr 2007 - 22:37

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is sneon tredde wurden yn de Arno Wallaard Memorial. Nei 175 kilometer waard de sprint yn Meerkerk wûn troch de Frânsman Denis Flahaut. Fulco van Gulik, in ploechmaat fan Lieuwe Westra, waard twadde.

Yn de tredde etappe fan de Ronde fan Bretagne waard Marcel Beima fan Hurdegaryp sneon achtste. De Ronde fan Bretagne duorret noch oant en mei tiisdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)