Ferlies foar ONS en Hark. Boys

© Omrop Fryslân
Beide Fryske sneonshaadklassers hawwe sneon har wedstriid ferlern. Yn Snits wie Berkum mei 4-3 te sterk foar ONS. Foar de Snitsers skoarden Johnny de Jonge en Albert Jan van Zwol twa kear. Yn de blessueretiid pakte Berkum de trije punten troch in strafskop.
Foar Harkemase Boys wie der gjin ear te beheljen by Be Quick '28. By it skoft wie de stân 3-0, de wedstriid einige yn 6-0. Dêrtroch is Harkemase Boys noch net wis fan hanthavening.