Moolner ferkeapet e-meel
De moolner fan Wâldsein besiket mear toeristen te lûken mei de ferkeap fan pûdsjes e-meel. Fan dat moal kinne minsken bôle bakke mar it jout har ek in healoere tagong ta ynternet.
It is hjoed de dei dreech om as moolner rûn te kommen. By mole it Lam yn Wâldsein binne se kreatyf. Se wolle dat de funksje fan de mole wer werom komt. Mei in camping en in jachthaven yn 'e buert ferwachtet de moolner in soad (ynternet)klanten.