Man sakket troch dak lisstâl
In 24-jierrige man út Makkingea is freed slim ferwûne rekke nei't er troch it dak fan in lisbokstâl fallen wie.
De man wie oan it wurk op acht meter hichte en sakke troch it dak. Hy is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De Arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn.