Man stelt staasjejild-flessen

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon in 22-jierrige man oanhâlden yn Easterwâlde foar it stellen fan staasjejild-flessen. In tsjûge hie alarm slein neidat de fertochte út Ljouwert wol in hiel soad rinkeljende flessen by him hie.
Nei't de man oanhâlden wie, die bliken dat er trije sekken mei flessen by him hie. Elke flesse soe 50 sint staasje- jild opsmite. De man hie de flessen stellen by in supermerk. De sekken stiene dêr klear foar transport.