Cruyff-court yn Heechterp

28 apr 2007 - 12:48
Foto: Omrop Fryslân

It earste Cruyff-court yn Fryslân komt yn de wyk Heechterp/Skieringen yn Ljouwert. In Cruyff-court is in lyts fuotbalfjild fan keunstgers, dat foar in part betelle wurdt troch de Johan Cruyff Foundation.

Doel is om bern wer faker op strjitte fuotbalje te litten. It Fryske Cruyff- court komt by de boarterstún Insulinde yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)