Cambuur wint lêste wedstryd

Ynterim-trainer Gerrie Schouwenaar
Cambuur spile freedtejûn de lêste kompetysjewedstryd fan it seizoen yn it eigen stadion tsjin Omniworld. It wie lêst bêst, want de Ljouwerters wûnen dik, mei 4-1.
De Graafschap is kampioen, mei 83 punten. Cambuur is as tolfde einige, mei 47 punten. Swolle is der noch yn slagge om as lêste mei te dwaan oan de play-offs. Hearrenfean spilet snein 'de wedstryd fan it jier' om plak 5 tsjin Feyenoord