Sjoerd de Vries yn DSB-ploech
De 18-jierrige Sjoerd de Vries fan Twellegea hat in kontrakt fan twa jier tekene by de kommersjele DSB-reedridersploech.
De Vries waard ein febrewaris wrâldkampioen Allround by de junioaren. Ek is hy Nederlânsk kampioen sprint. De Vries sil him by DSB earst rjochtsje op de 1000 en de 1500 meter.