Brânende auto's yn Ljouwert
Op de Oldegalileeën yn Ljouwert binne freedtemiddei twa auto's útbaarnd. De brân ûntstie yn de iene auto, nei't de bestjoerder de auto starten hie.
Der folge in ûntploffing en in brân, in oare auto dy't der flakby stie, baarnde ek út. De brânwacht hat de saak blusd.