Fleanoefeningen Marnewaard

© Omrop Fryslân
De Loftmacht sil takom wike oefenje yn by de Marnewaard. De fleanoefeningen begjinne tiisdei en binne fan 08.00 oant 17.00 oere. It duorret de hiele wike. Op freed hâlde se 13.30 oere op.
De fleaners en jachtbommewerpers mei binnen in straal fan 15 kilometer om de Marnewaard op 150 meter hichte fleane. Boppe it oefenterrein mei op 75 meter hichte flein wurde. Boppe it Waad mei net te leech flein wurde om't dat gebiet in natuermonumint is.