Konsert Twarres ferskood

Mirjam Timmer en Johan van der Veen (Twarres)
It comeback-konsert fan Twarres is ferskood nei septimber. It duo út Wergea soe 18 maaie foar it earst yn jierren wer optrede. Fanwege sûnensproblemen fan Johan van der Veen ha de repetysjes fertraging oprûn. Der is mear tiid nedich om in goed konsert jaan te kinnen.
De al kochte kaarten binne jildich foar it optreden fan 14 septimber yn De Bidler yn Wergea. Der binne al sa'n 200 kaarten ferkocht.