Gevels faak net goed opknapt

27 apr 2007 - 10:36

By monumintale pleatsen wurde gevels faak net goed restaureard. Dat konkludearret de Monumentenwacht Fryslân út eigen ynspeksjes. De gevels binne in belangryk ûnderdiel by monumintale pleatsen. Se wurde gauris te bot opknapt en der wurdt ferkeard foech brûkt. Pleatseigners moatte spesjalisten gevels opknappe litte.

De Monumintewacht wol graach advisearje oer hoe't de gevels it bêst opknapt wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)