Wedstriid om iepener Wâldrock

27 apr 2007 - 10:22

Fryske bands dy't Wâldrock iepenje wolle, kinne har demo's oant 10 maaie opstjoere nei de organisaasje. In sjuery kiest 4 of 5 bands út dy't spylje op de slach om Wâldrock yn Snits. Dêr wurdt bepaald wa't it festival op 7 july iepenje mei. It publyk bepaalt watfoar band op de saneamde pre-party, de jûn foar Wâldrock spilet.

Wâldrock hat dit jier nei alle gedachten foar it earst trije poadia.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)