Weening start yn Luik

27 apr 2007 - 09:24

Hurdfytser Pieter Weening fan de Harkema start dit wykein yn Luik-Bastenaken-Luik. De foarjiersklassiker wurdt takom snein ferriden. Weening stie yn 2003 by de beloften op it poadium fan de koers. Hy waard doe tredde.

De Rabo-ploech set fierder útein mei: Michael Boogerd, Oscar Freire, Juan Antonio Flecha, Thomas Dekker, Koos Moerenhout, Theo Eltink en Jan Boven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)