Profylskets Gaasterlân-Sleat

26 apr 2007 - 23:29

Gaasterlân-Sleat wol in boargemaster ha dy't ferstân hat fan gemeentelike weryndieling. Dat stiet yn de profylskets foar de nije boargemaster. Gaasterlân-Sleat wol ta op in fúzje fan de gemeenten yn de Súdwesthoeke. De nije boargemaster moat yn dat proses in grutte rol spylje.

De gemeente siket in nije boargemaster, omdat boargemaster de Roos ein jannewaris opstapte, nei in konflikt mei de gemeenteried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)