Heldoorn nei Assen

26 apr 2007 - 21:16

Boargemaster Sicko Heldoorn fan Opsterlân wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Assen. Heldoorn is troch de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried yn Assen foardroegen. De ried stipet de foardracht unanym. Der hiene 18 minsken op de fakature sollisitearre.

Heldoorn is sûnt 2002 boargemaster fan Opsterlân. Dêrfoar wie er tsien jier deputearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)