Smookferbod fanwege droechte

© Omrop Fryslân
Fan freed ôf mei net mear smookt wurde yn 'e bosken en natuergebieten fan Opsterlân en East- en Weststellingwerf. Ek it meitsjen fan fjoer is ferbean. De gemeenten nimme dy maatregel fanwege de oanhâldende droechte.
De gemeenten hawwe oer it ferbod oerlein mei Steatsboskbehear, it Fryske Gea en Natuermonuminten. It ferbod wurdt ynlutsen as de droechte wer foarby is.