'Omtinken missers sikehuzen'

26 apr 2007 - 14:11

Pasjinte-organisaasje Zorgbelang Fryslân is kjel wurden fan it hege stjertesifer yn sikehûzen. Woansdei waard bekend dat jierliks lanlik 1700 minsken stjerre troch minsklike flaters. Dêrneist binne der ek nochris 10.000 pasjinten dy't bliuwende skea oprinne troch ferkearde behannelings.

Neffens Zorgbelang jilde deselde sifers foar Fryslân. De organisaaje wol dat der ekstra omtinken komt foar de kwaliteit fan 'e sikehuzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)