Baggerjen Heidenskip fertrage

Underwetterdrone (argyffoto)
Der is fertraging by it wurk dat it Wetterskip Fryslân útfiert by It Heidenskip. Der wurdt dêr wurke oan de kaden en der wurdt baggere yn de Heidenskipsterfeart. Troch de froast fan febrewaris is it wurk sawat trije wike letter klear as de ien april dy't yn de plenning stie.
Doarpsbelang It Heidenskip leit him by de fertraging del. Guon boatsjeminsken, dy't mei it moaie waar it wetter op wolle, fine it útstel spitich.