Fjirde Oomsfertochte oanhâlden

Marinus Ooms
Yn de saak-Ooms is in fjirde fertochte oppakt. De plysje kaam de 36-jierrige man op it spoar troch tsjûgen. De man is ferline wike arrestearre yn Amsterdam. De fertochte is woansdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Hy sit foarearst tritich dagen fêst. De man sil ferheard wurde en der wurdt in DNA-test dien.
Ooms waard mei messtekken om it libben brocht yn syn hûs yn Haulerwyk. Der binne nocht trije oare fertochten.