Cecilio Lopes blessearre

26 apr 2007 - 11:04

Fuotballer Cecilio_Lopes fan SC_Hearrenfean is foar sawat njoggen moannen útskeakele. Hy hat de sine fan syn hakke, oftewol ´achillespees´, fan de linkerfoet ôfskuord.

De spits waard yn de winterstop oernaam fan FC_Dordrecht en ferhierd oan Sparta. Takom seizoen komt de 28-jierrige oanfaller nei Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)