Kolleezje Skarsterlân bliuwt

25 apr 2007 - 22:39

In mearderheid fan de ried fan Skarsterlân hâldt betrouwen yn it kolleezje fan B&W. In moasje fan ôfwizing krige woansdeite acht stimmen foar en trettjin tsjin. De opposysje hie de moasje yntsjinne út ûnfrede oer de plannen foar in rekreaasjepark by de Put van Nederhorst. FNP, VVD en CU fûnen dat der earder te min ynformaasje kommen is. Fragen fan de riedsleden soene net goed beantwurde wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)