DNA bringt trochbraak Ooms

25 apr 2007 - 17:35

De oanhâlding fan in man yn Parys liket in trochbraak yn it ûndersyk nei de moard op Marinus Ooms yn Haulerwyk. Koartlyn is yn Frankryk in man oanhâlden. Streekkrante De Nieuwe Ooststellingwerver meldt dat syn DNA oerien komt mei erflik materiaal dat fûn is yn de sliepkeamer fan Ooms.

Justysje hat it ferhaal befestige. De oare fertochte, in âld-ynwenner fan Haulerwyk, bliuwt noch fêst sitten. Ooms waard ein ferline jier ombrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)