Slim ferwûne nei fal troch dak

25 apr 2007 - 11:24

Troch in fal fan 8 meter hichte is tiisdei in man (25) út Sintjânsgea slim ferwûne rekke. De man wie op it dak fan in loads yn Skarsterbrêge, doe't hy troch in dakplaat sakke. Hy kaam boppe op in lânboumasjine telânne.

Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Ek de traumahelikopter wie op it plak fan it ûngemak om te helpen. De arbeidsinspectie stelt in ûndersyk yn nei it ûngemak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)