Behearsking Frysk liket stabyl

© Omrop Fryslân
De behearsking fan it Frysk troch de ynwenners fan Fryslân is sûnt 1980 frijwol gelyk bleaun. 94 % fan de Friezen ferstiet Frysk, 74 % praat Frysk, 75 % lêst Frysk en 26 % kin Frysk skriuwe. Dit docht bliken út it jongste taalûndersyk fan de provinsje.
It tal Friezen dat Frysk ferstean en prate kin is sûnt 1980 stabyl. It tal Friezen dat Frysk lêze en skriuwe kin leit no heger as yn 1980. 27 jier lyn koe 10 % Frysk skriuwe, no is dat 26 %.