Trainingssintrum foar silers

25 apr 2007 - 06:46
Foto: Omrop Fryslân

It ryk sil 100 tûzen euro bydrage oan it nije wedstriidsintrum yn 'e Snitsermar. Op it starteilân yn it mar moat in nasjonaal trainingssintrum komme foar hurdsilers dy't net meidogge oan wedstriden op see.

It sintrum is ûnderdiel fan 'e ferbettering fan 'e rekreaasje op 'e Snitsermar en omkriten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)