Fergunning teehûs by fersin

24 apr 2007 - 22:52

De gemeente Ljouwert sit fout mei de beslissing in teehûs ta te stean oan de Sudergrêfstwâl yn de stêd. De eksploitaazjefergunning dêrfoar hie net ôfjûn wurde moatte, seit wethâlder Sluiter.

Troch in amtlike flater is dat wol bart. Earder waard in oar teehûs oan deselde strjitte noch sletten omdat der tefolle oerlêst wie. De komst fan it teehûs leit gefoelich omdat ek de opfang foar ferslaafden dêr al sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)