Skilderij Springer feild

© Omrop Fryslân
It skilderij 'Gezicht achter het stadhuis te Bolsward' fan Cornelis Springer hat tiisdeitejûn 456.000 euro opbrocht by feilinghûs Sotheby's. De rjochtpriis lei tusken 380.000 en 450.000 euro.
It skilderij út 1872 is kocht troch in Nederlânske partikulier, net troch in museum of kulturele ynstelling. Earder waard fan Springer in skilderij fan it Koorndragershúske yn Frjentsjer ferkocht oan in Ingelsman.