Gjin needferoardening 't Fean

© Omrop Fryslân
Der komt gjin needferoardening yn 'e gemeente It_Hearrenfean. Dat seit boargemaster De Jonge fan dy gemeente.
Feyenoord melde tiisdei op 'e offisjele webside fan 'e club dat der in needferoardening komt. Dat soe ynhâlde dat Feyenoorders dy't harre misdrage, de gemeente útset wurde. Dêr is gjin sprake fan, sa seit de boargemaster fan It Hearrenfean.