Wrâldboargerskip yn program

© Omrop Fryslân
Kolleezje-ûnderhannelers Andriesen (PvdA) en Galema (CDA) skriuwe skiednis. Dat stelt it Frysk sintrum foar wrâldboargerskip en gelikense behanneling Tûmba. Se meitsje yn it kolleezjeprogram melding fan it begryp wrâldboargerskip. Fryslân is de earste en iennige provinsje mei omtinken oan wrâldboargerskip yn it belied. Yn Utrecht komt it mooglik ek oan 'e oarder.