Dieders strjitrôf oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn Ljouwert twa manlju oanhâlden omdat se in man út Frjentsjer oerfallen hiene. De man wie op it Súdfliet fan achteren optild en op de grûn smiten. Dêrnei waard syn beurs stellen.
It slachtoffer rekke ferwûne en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Underweis seach er syn twa oerfallers rinnen. De plysje waard warskôge en dy koe de fertochten oppakke. Se sitte fêst op it buro.