Triemstra mist iepening

Teake Triemstra is der snein noch net by
Haadklasser Teake_Triemstra mist de iepening fan it keatsseizoen. Hy hat lêst fan in ankelblessuere dy't er yn febrewaris krige by it fuotbaljen. De klassemintswinner fan 2006 hat no fan de medysk spesjalist it advys krigen om rêst te nimmen. Dêrtroch mist er snein de earste wedstriid fan it seizoen yn Weidum.
Triemstra hopet op 6 maaie wol yn aksje te kommen op de útnoegingspartij yn Jorwert.