Posters stellen yn Dokkum

24 apr 2007 - 10:55
Foto: Omrop Fryslân

Yn Dokkum binnen seis grutte posters fan 'e Marneflora stellen. De djoere plastifisearre eksimplaren hongen oan de rûnwei en yn 'e binnenstêd. Der wiene tsien posters ophongen en no binne der noch fjouwer oer.

De organisaasje fan de it blombolle-evenemint fynt it te koart dei om nije posters op te hingjen. De Marneflora set tongersdei út ein en duorret oant en mei Keninginnedei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)