Knallende ballen by brân

24 apr 2007 - 10:50

Yn de kantine fan in sportferiening yn Drachten hat moandei brân west. It fjoer wie ûntstien yn it tsjettelhok. De brânwacht koe lykwols troch adekwaat yngripen tefoaren komme dat de brân him fierder útwreide.

Earst waard noch tocht dat der gasflessen ûntploft wiene, omdat der knallen heard wiene. Mar it die bliken dat dat ballen wiene. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)