32 airbags út auto's stellen

24 apr 2007 - 10:40
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert binne 32 airbags stellen út auto's dy't parkeard stiene by in garaazje oan de Leo Twijnstrastjitte. De dieven sloegen fan alle auto's in rút yn om deryn te kommen. Se hellen dêrnei de airbags derút.

In 44-jierrige ynwenner fan Burgum hat út namme fan it bedriuw oanjefte dien fan 'e stellerij. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)