Aksje tsjin staking busferfier

23 apr 2007 - 22:18

Twa studinten út Aldegea-Smellingerlân en Surhusterfean binne yn aksje kaam tsjin de stakings yn it busferfier dy't moandei fan start gien binne.

De studinten Sander Akkerman en Martin Bruining hawwe hjirta in webside www.bussenmoetenrijden.nl yn it libben roppen. Op dy side is it mooglik om in petysje te tekenjen tsjin de busstakings. De beide studinten binne fan miening dat de aksje allinnich de busreizgers treft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)