Jong-Hearrenfean wint fan RKC

© Omrop Fryslân
De beloftes fan fuotbalclub Hearrenfean hawwe moandeitejûn mei 1-3 wûn yn en fan RKC Waalwyk. By rêst wie it al 0-3 fan de Feansters.
Yn de achtste minút wie it raak troch in doelpunt fan Will Johnson. Krekt foar it skoft yn de 42e minút makke Age Hains Boersma 0-2 en in minút letter soarge Michael Bradley mei in moaie lob foar 0-3. Nei it skoft makke RKC noch 1-3 troch in doelpunt fan Dave Rijkaard.