Net te folle plannen Waadsee

23 apr 2007 - 20:19

De Ried foar de Waadsee is bliid dat it Ryk, de waadprovinsjes en de waadgemeentes mei-inoar in behears- en ûntwikkelingsplan opstelle foar de Waadsee.

De Ried warskôget der wol foar om net in te grut plan te skriuwen, omdat in protte yn it waadgebiet al regele is yn ûnder oaren de planologyske kearnbeslissing en bestimmingsplannen foar de Waadsee. Ek sille der noch natoerbehearsplannen fêststeld wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)