Hichte slûs Lemmer oanpast

23 apr 2007 - 19:59

Der kinne tenei ek skippen troch de slûs op 'e De Lemmer mei mêst dy't heger is as 11 meter.

No is dat noch net mooglik. Trije Fryske bedriuwen binne dizze dagen drok oan it wurk om de trochfarhichte yn de slûs oan te passen. Alle skippen moatte der yn de takomst troch kinne, De feroarings oan de slûs kostje sa'n 30.000 euro en komme foar rekken fan de eigners fan it nije nautyske sintrum Boat Inn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)