Mikrokredyt foar eigen bedriuw

23 apr 2007 - 19:40

Yn Ljouwert, Rotterdam en Lelystêd sille banken healwei dit jier in saneamd mikrokredyt ferline oan minsken mei in útkearing dy't in eigen bedriuw begjinne wolle.

De 'Raad voor de Microfinanciering' is belutsen by dizze proef fan it ministearje fan Sosjale Saken. Prinses Maxima makket ek diel út fan dy ried. Doel is dat minsken mei in útkearing nei de bank gean en dat it ministearje garant stiet foar in kredyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)